Skûtsjes stride by Rotterdam

Tsien skûtsjes fan de IFKS binne tongersdei oankaam yn Rotterdam foar in grut skûtsjefeest op de Kralingse Plas. It wurdt organisearre troch deselde minsken dy't yn it ferline de Formule 1 nei de stêd hellen. De skûtsjes nimme no it plak yn fan de snelle auto's yn.
Oan 'e begjin fan de middei ha de skippers de Kralingse plas al efkes ferkend. Fan it wetter ôf is de heechbou fan Rotterdam goed te sjen. Tongersdeitejûn wurdt it evenimint offisjeel iepene troch boargemaster Aboutaleb fan Rotterdam.
Freed en sneon wurdt der syld en feestfierd, snein farre de skippers werom nei it heitelân. De silerij fan freedtemiddei is streekrjocht te folgjen op omroplive.nl. De wedstriid begjint om 14.00 oere.