Opkomstsifers ferkiezings

22 maaie 2014 - 12:32

Sûnt tongersdeitemoarn healwei achten mei der stimd wurde foar in nij Europeesk parlemint. Dat kin oant jûns njoggen oere. De opkomst is oant no ta fergelykber mei fiif jier lyn. Lanlik leit it opkomstpersintaazje om 12.30 oere op 8 prosint.

De sifers fan de measte Fryske gemeenten lizze gelyk of krekt wat heger. Sa hie yn Tytsjerksteradiel 11 prosint fan de ynwenners syn stim útbrocht, yn Frjentsjertadiel wie dat 8 prosint, yn Weststellingwerf 7,5 prosint en op Skiermûntseach 29 prosint.

Hjir in oersjoch fan de Fryske gemeenten dy't opkomstsifers bekendmakke ha:
Dantumadiel: 10,3% (11.30 oere)
Dongeradiel: 10,8% (11.00 oere)
De Fryske Marren: 13.1% (11.30 oere)
Frjentsjerteradiel: 8% (11.00 oere)
Harns: 8,2% (11.30 oere)
Hearrenfean: 5% (10.00 oere)
Littenseradiel: 9% (11.30 oere)
Ljouwert: 7,2% (11.00 oere)
Menameradiel: 6,7% (11.00 oere)
Opsterlân: 9,2% (11.30 oere)
Skiermûntseach: 29% (11.30 oere)
Skylge: 15,1 (11.30 oere)
Tytsjerksteradiel: 11% (11.30 oere)
Weststellingwerf: 7,5% (11.00 oere)

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)