Omliedings by Werpsterhoeke

22 maaie 2014 - 11:15

Rykswettersteat stelt nije wike in tal nachten in omlieding yn by it krúspunt Werpsterhoeke by Ljouwert. Fan moandei 26 maaie op tiisdei 27 maaie en fan tiisdei 27 maaie op woansdei 28 maaie wurdt der wurke oan it krúspunt, fanwege de nije Heak om Ljouwert.

Ferkear út de rjochting Drachten en út de rjochting Ljouwert moat dan in oare rûte ride. Dy wurdt troch Rykswettersteat oanjûn.

Trefwurden: 
Ljouwert Werpsterhoeke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)