Plysje-ûndersyk Twizel yn gong

22 maaie 2014 - 10:18

De plysje is tongersdeitemoarn fierder gien mei it ûndersyk nei it tragyske ûngelok op it sportfjild yn Twizel, dêr't woansdei in dugout ynstoarte. Der rekken fiif bern ferwûne, fan wa twa earnstich. In 10-jierrich famke út Surhústerfean is letter woansdei oan har ferwûnings stoarn.

Minsken dy't ferlet hawwe fan slachtofferhelp, kinne belje nei 0900 - 0101. Guod dat achterbleaun is kin ophelle wurde by basisskoalle De Oanrin yn Twizel.

Trefwurden: 
ûngelok Twizel dug-out
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)