Ljouwerter koperdief oppakt
In ynwenner fan Ljouwert is woansdeitejûn betrape by de stellerij fan koper. De man waard troch in befeiliger sjoen doe't er op in ôfset stik terrein oan Achter de Hoven yn syn wenplak mei in bosk kopertried rûn. De oproppen plysje hat de man oanhâlden en fêstset foar fierder ûndersyk.