Hegere winst en omset Accell

24 feb 2012 - 08:00

De omset en de winst fan fytsefabrikant Accell Group fan it Hearrenfean binne yn 2011 omheech gien. De omset gie mei 9% omheech nei goed 628 miljoen euro. De winst is 11% heger as yn 2010 en komt út op 40 miljoen euro.

Neffens it bedriuw komt dat benammen troch de ferkeap fan elektryske en sportive fytsen. De ferkeap fan fytsûnderdielen en accesoires naam ek ta. Troch it minne waar yn de simmer is der foaral nei it seizoen in soad ferkocht. Foaral yn Dútslân gie de ferkeap sterk omheech.

Trefwurden: 
Accell Group fytsen Batavus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)