Blommen by it sportfjild

21 maaie 2014 - 22:41

Minsken dy't blommen lizze wolle foar it famke dat woansdei omkaam by it slimme ûngelok op it kuorbalfjild fan Twizel, kinne dat dwaan oan de râne fan it fjild. Wa't help nedich hat of neiprate wol is tongersdei wolkom yn de sportkantine fan Twizel. De gemeente hat dit bekend makke. Boppedat is der tongersdeitemoarn in spesjale byienkomst op de skoalle yn Surhústerfean dêr't de slachtoffers fan it ûngelok op sieten.

Trefwurden: 
ûngelok Twizel dug-out
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)