Mei-inoar wurkje foar Makkum

De provinsje, de gemeente Súdwest-Fryslân en de pleatslike ûndernimmers moatte meielkoar de skouders der ûnder sette om foar te kommen dat der minder toeristen nei Makkum komme troch de komst fan wynmûnen. Dat fynt deputearre Hans Konst. Maksimaal 15% fan de hjoeddeistige besikers jout oan dat sy fan doel binne minder faak te kommen as der in wynmûnepark komt yn de Iselmar. Mar dat sy dat sizze, betsjut noch net dat sy dat ek echt dogge. Dat docht bliken út in ûndersyk yn opdracht fan Provinsjale Steaten troch in advysburo.
Deputearre Hans Konst fynt dat dizze útkomsten serieus oppakt wurde moatte om foar te kommen dat minsken minder faak op fakânsje gean oan de Iselmarkust en dan Makkum yn it bysûnder.