Leden No Surrender oppakt

21 maaie 2014 - 22:00

Twa leden fan de motorklup No Surrender binne woansdeitemiddei oppakt by in ynfal yn Mearum. Dat meldt RTVNoord. In man út Snits en in man út Mearum wurde derfan fertocht earder dy dei in oarenien út it doarp bedrige te hawwen. In tredde man út Mearum waard ek arrestearre, mar dy is net lid fan de klup. De plysje hat in hússiking by de man dien.

Trefwurden: 
Mearum No Surrender motorklup
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)