Swarte dei foar Achtkarspelen

'It is swarte dei foar de gemeente Achtkarspelen,' dat sei boargemaster Gerben Gerbrandy op in parsekonferinsje oer it ûngelok yn Twizel. Dêr ferstoar in famke by in kuorbaltoernoai neidat in dug-out ynstoarte. Fjouwer bern rekken ferwûne, wêrfan ien swier.
Alle slachtoffers sitte yn groep 6 fan basisskoalle De Bernebrêge yn Surhústerfean. Se binne 9 en 10 jier. De bern binne nei sikehûzen yn Ljouwert, Dokkum en Grins brocht.
Tongersdei hâldt de gemeente twa ynformaasjebyienkomsten. De earste is moarns op de skoalle yn Surhústerfean.