'Lit MKB'ers crowdfunde'

21 maaie 2014 - 17:57

MKB'ers en startende ûndernimmers moatte net allinnich nei de bank sjen as se ferlet hawwe fan jild, mar ek alternative jildboarnen ûndersykje. Dat sei âld-minister fan finânsjes Jan Kees de Jager woansdei op de finansieringsdei fan noardelike ûndernimmers yn WTC Expo yn Ljouwert.

Banken binne sûnt de krisis hiel weromhâldend as it giet om it jaan fan lienings oan it MKB en startende ûndernimmers. Dat is neffens De Jager net ûnbegryplik, want banken hawwe de ôfrûne jierren in soad jild ferlern oan it MKB-lienings.

Undernimmers dogge der dêrom goed oan om der foar te soargjen dat se net te ôfhinklik binne fan de bank. Se kinne besykje om jild te lienen fan famylje, of fan ûndernimmers dy't de saak ferkocht hawwe en krekt in nijsgjirrige bestimming foar harren jild sykje. Soks moat mooglik wêze, want neffens De Jager 'is der genôch jild yn Nederlân'. Sels helpt De Jager ek sa út en troch in startende ûndernimmer as dy by him komt mei in nijsgjirrich foarstel.

Crowdfunding is ek yn opkomst yn ûndernimmerslân. In pear jier lyn waard crowdfunding allinnich brûkt foar kulturele projekten en goeie doelen, mar yn 2013 hellen ûndernimmers ek al 32 miljoen út de merk mei help fan crowdfunding. Mar crowdfunding wurket lang net altiten. Op dit stuit is it sa dat by 30 % fan de inisjativen slagget om binnen de termyn fan 90 dagen it frege bedrach op te heljen.

It projekt Flinc fan de noardelike provinsjes en keamers fan keaphannel besiket om ûndernimmers en alternative jildboarnen mei-inoar yn kontakt te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)