Bern stoarn nei ûngelok Twizel

21 maaie 2014 - 17:31

In famke dat nei it ynstoarten fan de dug-out yn Twizel nei it sikehûs yn Grins brocht is, is oan har ferwûnings stoarn. Dat hat de Veilichheidsregio Fryslân befestige. By in skoalkuorbaltoernoai oan de Mounewei foel woansdeitemiddei in betonplaat fan in dug-out. Op dat momint sieten der acht bern yn. Meielkoar rekken fiif bern ferwûne.

De gemeente hat twa publyksnûmers iepene: 0511-548111 of 0511-460860. Ek binne der trije opfanglokaasjes dêr't belutsenen hinne gean kinne. Dat is it doarpshûs fan Twizel en de kantine op it sportkompleks.

Famylje fan bern fan De Bernebrêge wurde opfongen yn de skoalle yn Surhústerfean. Alle slachtoffers komme fan dizze basisskoalle.

Trefwurden: 
ûngelok stoarn Twizel dug-out
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)