Verbeet: noed oer demokrasy

21 maaie 2014 - 17:06

Fryslân moat in "skaadparlemint" fan gewoane boargers krije. Dat sei de eardere foarsitter fan de Twadde Keamer Gerdi Verbeet by de jierlikse Rede fan Fryslân. It ekstra parlemint soe jierliks oanwiisd wurde moatte troch lotting en 4 kear yn it jier meibeslute oer saken dy't troch de provinsje besletten wurde.

Neffens Verbeet is dat de wize om de demokrasy wer populêr te meitsjen. Sy makket har grutte soargen oer de takomst fan de demokrasy ûnder oare troch de lege opkomst by ferkiezings.

Fryslân soe foaroprinne moatte yn dit eksperimint om't de Friezen har tige belutsen fiele by har omjouwing. De folsleine rede is troch de provinsje Fryslân op ynternet setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)