Europa akkoart mei KH2018

Ljouwert is no offisjeel Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. De Europeeske Kommisje en alle Europeeske ministers fan Kultuer binne akkoart gien mei dit foarstel. De bekendmakking is woansdeitemiddei fierd op de Nederlânske ambassade yn Brussel. Neist boargemaster Crone en minister Bussemaker fan Kultuer wie ek in groep fan 120 Ljouwerter ûndernimmers, fertsjintwurdigers en belangstellenden yn de Europeeske haadstêd oanwêzich.
Minister Bussemaker fan Kultuer is grutsk dat Ljouwert offisjeel Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018 is
Neffens har is it unyk dat Ljouwert de mienskip der sa by belûkt.