Acht skûtsjes op sleeptou

Acht skûtsjes wurde woansdei út Weesp nei Rotterdam yn kolonne sleept troch in sleepskip. Dit lêste stik kinne se net mear sile. De skûtsjes dogge mei oan it evenemint Skûtsjesilen Holland dat yn Rotterdam op de Kralingse Plas is. It begjint tongersdei en duorret oant en mei sneon. De skûtsjes geane fia it Amsterdam Rijnkanaal en dan oer de Lek rjochting Rotterdam.
De skûtsjes, wêrûnder IFKS skûtsjes Lytse Lies en Jonge Jan, stride freed om de Kralinger Cup. Omrop Fryslân jout dêr omtinken oan. Mooglik komme bylden op de webside.
It sylbarren wurdt tongersdeitejûn iepene troch koperblazers en slachwurkers fan it Rotterdams Philharmonisch Orkest. Se fiere in stik op dat spesjaal komponearre is, de Skûtsjesilen Hymn. It idee foar it evenemint komt fan in groep Rotterdamske wettersportleafhawwers, dy't harsels 'De Wind in de Zeilen' neame.
Op omroplive.nl binne freedtemiddei live bylden te sjen fan de silerij op de Kralingse Plas. Dat begjint om 14:00 oere.