Frou bekûgele mei frituerfet

21 maaie 2014 - 10:15
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in meiwurkster fan in snackbar op it NS-stasjon mishannele troch in groep jongerein. Se smieten ûnder oare frituerfet en iten nei de frou. De groep stapte dêrnei yn de trein. De plysje hat de trein tsjinhâlden en in 17-jierrich famke út Ljouwert en in 17-jierrige jonge út Hoogezand oanhâlden.

(advertinsje)
(advertinsje)