Gjin foarmbehâld mear foar OS

Olympyske sporters hoege yn de kwalifikaasjeproseduere foar Olympyske Spelen tenei gjin foarmbehâld mear te toanen. Ek de term nominaasje ferdwynt. Dat docht bliken út de foarstelde statutewiziging fan it NOC*NSF dêr't tiisdei yn de algemiene gearkomste oer praat is. Der koe noch net oer stimd wurde, omdat der net genôch leden oanwêzich wiene.
It IOC bepaalt yn earste ynstânsje de kwalifikaasje-easken, it NOC*NSF makket mei de sportbûnen in oanfoljend seleksjesysteem. Dat systeem feroaret foar de Spelen fan Rio yn 2016 foar in part.
Neffens technysk direkteur Maurits Hendriks is it toanen fan foarmbehâld net mear fan dizze tiid. In sporter moat him of har optimaal tariede kinne op de Spelen en moat dan koart foar it evenemint net mear hoege te piken.