Harkemase Boys útskeakele

Harkemase Boys is útskeakele foar promoasje nei de topklasse. Tiisdeitejûn waard út tsjin Staphorst mei 2-2 lyk spile. Sneon ferlear Harkemase Boys al mei 1-0 fan ACV.
Harkemase Boys begûn it earste healoere goed en kaam troch goals fan Heine Uuldriks en Johnsen Bacuna op 2-0. Staphorst kaam troch goals krekt foar en nei rêst op likense hichte.
Foar in soad spilers, sa as Jacob de Vries, wie it de lêste wedstriid foar de Boys. En ek foar trainer Willem Brouwer. Hy makke sneon bekend dat er opstapt.