Rede fan Fryslân op ynternet

20 maaie 2014 - 22:18

De Rede fan Fryslân dy't âld Twadde Keamerfoarsitter Gerdi Verbeet woansdei om 16.00 oere útsprekke sil, is live fia ynternet te folgjen. Dit kin fia de website fan de provinsje. Ek de folsleine tekst fan de rede komt nei ôfrin op de website te stean. Verbeet is de tredde sprekker dy't de jierlikse Rede fan Fryslân hâldt.

Earder ha CPB-direkteur Coen Teulings en VNO-NCW foarsitter Bernard Wientjes dit dien. It tema dit jier is demokrasy. By de Rede hâldt in gast fan bûten Fryslân de provinsje in spegel foar, mei in foarútblik nei 2040.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)