Jild foar plattelânsprojekten

De provinsje Fryslân lûkt in miljoen euro út foar inisjativen dy't in bydrage leverje oan de leefberheid op it plattelân. Ferienigingen en stichtingen kinne dêrfoar fan sneon ôf twa wiken lang subsydzje oanfreegje.
It kin gean om bygelyks projekten op it mêd fan wurk, kultuer, toerisme en reakreaasje, duorsemens, natuer en lânskip. It meie ek projekten wêze dy't it wenjen en wurkjen yn de regio nofliker meitsje. De provinsje is ferdield yn fiif parten. Elk part mei 2 ton subsydzje ferdiele.