Ajax-Cambuur risikowedstriid

20 maaie 2014 - 17:30

Wedstriden tusken Ajax en Cambuur binne tenei risikowedstriden. Dat hat boargemaster Eberhard van der Laan van Amsterdam besletten nei oanlieding fan de ûngeregeldheden nei de wedstriid fan begjin maart yn Amsterdam. Dit betsjut dat der yn Amsterdam mear plysjeminsken ynsetten wurde en dat supporters allinnich mei in ferplichte buskomby nei de wedstriid meie.

Boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert kin goed begripe dat de wedstriden tusken Cambuur en Ajax altyd as risikowedstriden sjoen wurde yn Amsterdam.

Snein 9 maart rûn it yn Amsterdam flink út de hân, sawol yn it sintrum as by it stadion. Supporters fan beide klups rekken slaande deilis en de ME moast der oan te pas komme.

De gemeente Amsterdam hat in rapport opsteld oer de wedstriid Ajax-Cambuur fan begjin maart.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)