Jong Hearrenfean wint mei 3-1

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen hat tongersdeitejûn de wedstriid tsjin Jong Grins mei 3-1 wûn. Yn de 35e minút kaam It Fean achter troch in ûngelokkige eigen goal fan linksback Mitja Resek, mar binnen tsien minuten wie it wer gelyk troch in prachtich ôfstânsskot fan Tobias Kainz. Dat wie ek de rêststân.
Yn de twadde helte toande Hearrenfean folle mear passy en dat levere yn de 63e minút de 2-1 foarsprong op troch in goal fan Luciano Slagveer. De einstân fan 3-1 waard berikt troch in goal fan Arsenio Valpoort.