Diks iepenet 'Event Groen'

Wethâlder Isabelle Diks hat tongersdei de earste 'Event Groen' iepene yn WTC Expo. Event Groen is in beurs oer duorsumens foar bedriuwslibben en konsumint. De beurs is in inisjatyf fan it bedriuwslibben en wurdt de kommende fjouwer jier stipe troch gemeente en provinsje.
Neffens de inisjatyfnimmers is de beurs nedich om mear minsken by inisjativen op it mêd fan duorsumens te belûken. Diks iepene de beurs troch in rûntsje mei in elektryske auto te riden. Op de beurs wiene tongersdei ek in pear konferinsjes oer it tema duorsumens.
De earste reaksjes op de beurs wiene optein. Op de beurs wurde ek koarte ynliedings hâlden oer tema's dy't mei duorsumens te meitsjen hawwe. Isabelle Diks sil freed in ynlieding hâlde oer it tema 'De eetbare stad'. De gemeente is dwaande mei in plan om fruitbeammen te plantsjen yn iepenbier grien, teminsten as de buert ree is om de beammen te ûnderhâlden en it fruit te plôkjen.