Soad fraach nei sinnepanielen

© Foto Jacob van Essen / Het Hoge Noorden
Energiewacht Fryslân hat hûnderten oanfragen krigen foar sinnepanielen op huzen fan partikulieren yn Fryslân. Kinderman út Ljouwert wie tongersdei de earste dy't hjirfoar in kontrakt tekene mei de Energiewacht. Hy die dat op Event Grien yn WTC Expo yn Ljouwert.
Neffens it kontrakt kinne de sinnepanielen finansierd wurde út de opbringsten oan sinne-enerzjy. Dizze regeling is op dit stuit allinnich beskikber yn Fryslân. By de stand 'zonnepanelen voor iedereen' op Event Groen wie it dan ek bysûnder drok.