Nije oanhâldings wytwasksaak

20 maaie 2014 - 16:34

De plysje hat opnij twa minsken oanholden yn it grutte wytwaskûndersyk yn Ljouwert. It giet om twa froulju fan 24 en 51 jier. De twa binne famylje fan de fertochten dy't al earder oppakt binne. Ferline wike die de plysje ynfallen op trettjin lokaasjes yn Ljouwert en twa yn Drinte. Dêrby binne fjouwer minsken oppakt. De twa haadfertochten fan 34 en 47 jier sitte noch fêst.

Twa oare manlju binne wol wer frij, mar bliuwe fertochte. By de ynfallen is foar miljoenen oan guod yn beslach naam. Mear oanhâldings wurde net útsluten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)