NHL wol mear jonges op PABO

De NHL hegeskoalle yn Ljouwert hat in manier fûn om mear manlju by de Pabo te belûken. Tritich persint fan de Pabo-studinten bestiet no út manlju. CNV ûnderwiis melde earder al dat manlju op basisskoallen in 'bedrige soart' wurden binne. Dochs lykje Pabo-oplieding stadichoan mear manlike studinten te lûken én te hâlden.
De NHL fiert kampanjes mei manlju op de foargrûn, set manlike studinten by elkoar yn de klasse en soarget foar in miks fan manlike en froulike dosinten. NHL wurket dus hurd oan ferbettering en it liket te wurkjen.