Plysje pakt 80 swartriders

23 feb 2012 - 17:21

Yn Ljouwert hat tongersdei in grutte aksje tsjin swartriders west. De aksje waard útfierd troch de spoarplysje, Arriva, Connexxion en studinten fan de plysje-oplieding. Jûns om sân oere wiene 80 minsken betrape sûnder jildich kaartsje. De boete is tusken de 25 en 30 euro.

De aksje konsintrearre him by it stasjon, dêr't tûzenen bus- en treinreizgers kontrolearre waarden.

De plysje hat by de aksje ek noch in 48-jierrige man út Emmen oppakt, hy hie by in sportsaak in pear skuon stellen. In frou dy't har dêrmei bemuoide waard ek oanhâlden. Bliken die dat se in grutte som jild by har hie dêr't se gjin ferklearring foar hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)