Fisk-oerset oeral tapast

De oanpak fan Rykswettersteat om by Koarnwertersân fisk fan sâlt nei swiet wetter te helpen is sa'n súkses dat dit tenei de standert wurdt. dit makket de plande fiskmigraasjerivier net oerstallich seit de wurdfierder fan Rykswettersteat.
De spuislûzen waarden brûkt om swiet wetter op de Waadsee te loazen. It wetter streamt dan sa hurd dat glêsiel en oare fisk der net tsjinyn swimme kinne. Troch no earst stadichoan in bytsje sâlt wetter de Iselmar yn rinne te litten, kinne de fisken maklik yn swiet wetter komme.
Sa binne der yn april yn fjouwer oeren tiid 400.000 glêsieltsjes en 150.0000 spjirringen ynlitten. It kin net hiel faak dien wurde, omdat de Iselmar perfoarst net te sâlt wurde mei.