Hoarnûlen dogge it goed

De hoarnûle (ransuil) docht it noch altyd goed yn Fryslân, nettsjinsteande dat der dit jier in pear hûndert minder teld binne as yn 2011. Dat hat te krijen mei de mûzesykte. En de regel is: as der minder mûzen binne, binne der ek minder rôffûgels. Mûzepopulaasjes kinne jierliks hiel bot ferskille en dus kinne der oer in jier samar wer hûnderten hoarnûlen mear teld wurde.
Woansdeitejûn gie teller Harry Wijnandts foar de lêste kear dizze winter op paad om hoarnûlen te tellen, yn in wenwyk yn Tytsjerksteradiel.