Lichem ien fermiste man fûn

23 feb 2012 - 13:06

Ien fan de beide bemanningsleden dy't fermist wurde op de Iselmar, is fûn. De helikopter dy't de mar ôfsiket hat de man fûn. Dat hat it Korps Landelijke Politiediensten bekend makke. It stoflik omskot is yntusken út it wetter helle. Twa opfarders fan in sleperke út Koarnwert wurde sûnt woansdeitejûn fermist. Se dienen in needoprop neidat harren skip wetter begûn te meitsjen.

De helptsjinsten hawwe it sonken skip op de hichte fan Den Oever weromfûn, mar fan de bemanningsleden wie gjin spoar te finen.

Tongersdeitemiddei sil der mei sonar drecht wurde.

Trefwurden: 
Iselmar skip Koarnwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)