Reaksjes op fernijbou Thialf

23 feb 2012 - 12:44

Fernijbou fan de besteande iisbaan en gjin nijbou fan Thialf by Sportstêd, dat besleaten provinsjale steaten woansdei. Der komt in nij dak op, der komt in ring omhinne en hiel belangryk, de iisflier sels wurdt technysk fernijd.

De riders ha soargen oft se yn de simmer foar de Olympyske Spelen fan 2013 noch wol traine kinne. Ein 2013 sil uteinset wurde, ein 2014 moat it dan klear wêze. Direkteur Nieweg fan Thialf hat soargen oer it jild. Der moat noch aardich wat subsydzje binnenkomme foar de nij- en ferbou fan Thialf.

Trefwurden: 
Thialf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)