Kultuer wichtich yn Smel'lân

© Omrop Fryslân, Geale Groen
De gemeente Smellingerlân giet troch mei it ynvestearjen yn kultuer. Woansdei iepene wethâlder Ketelaar offisjeel it 'kunstfabriekje' op it bedriuweterrein Azeven Noord en dêrmei is Drachten in keunstwurk riker.
Keunstner Hofman uit Rotterdam krige de opdracht om wat te meitsjen foar it terrein. It is gjin byld of ynstallaasje wurden, mar in lyts gebou yn de foarm fan it bekende pictogram, in swarte stillearre fabryk mei pipen, dat nei in yndustryterrein ferwiisd.
It keunstwurk is betelle út de saneamde 1% regeling. Dat persintaazje fan de bousom is bestimd foar in keunstwurk. In soad gemeenten dogge der net mear oan, mar wethâlder fan Kultuer Nieske Ketelaar is noch net fan doel om te besparjen op kultuer.