Besketten man gjin Gordykster

© Omrop Fryslân
De man dy't tiisdei ferwûne rekke by in sjitpartij yn it Grinzer Leek komt út Grinslân. Dat hat de plysje bekend makke. Earder waard meld dat de man fan De Gordyk komt. Dêr hat er yn it ferline wol wenne, mar it is net mear syn hjoeddeiske wenplak.
De man waard tiisdei ferwûne fûn yn in hûs yn De Like (Leek). Hy wie rekke troch in kûgel en moast operearre wurde. Wat der krekt bard is wit de plysje noch net, ek net nei't de man én in frou dy't ek yn it hûs wie, heard binne.
Der is dêrtroch ek noch net dúdlik oft in tredde persoan sketten hat, of dat de man of de frou dat sels dien hawwe.