Undernimmers wolle saak kwyt

Njoggen persint fan de ûndernimmers yn Noard-Nederlân tinkt der oer mei syn saak op te hâlden. Dat waard tongersdei bekend op in byienkomst fan de Noardlike Keamer fan Keaphannel. It giet om ûndernimmers yn alle sektoren dy't faak te let sjoen hawwe nei mooglikheden foar ferkeap. It persintaazje leit heger as it lanlik gemiddelde fan sân persint.
De Keamer fan Keaphannel wol mei nei oanlieding fan it hege sifer mear ynformaasjebyienkomsten organisearje oer it oernimmen fan bedriuwen.