Fermist skip komt út Koarnwert

KNRM rêdingsboat © ANP XTRA
It fermiste wurkskip op de Iselmar komt út Koarnwert. Dat hat de KLPD bekend makke. Sûnt woansdeitejûn wurde de twa bemanningsleden fermist. De KLPD wol noch neat sizze oer de identiteit fan de fermisten.
Woansdeitejûn healwei achten diene de twa in needoprop omdat har skip, in sleperke, wetter makke. Se wiene fan de haven fan Harns troch de sluzen fan Koarnwertersân gien en op wei nei Breesândyk. In 6 kilometer út de kust fan Den Oever is it skip sonken. Fan de bemanning ûntbrekt elk spoar.
Tongersdeitemoarn is socht mei in helikopter, yn 'e middei siket it dregteam fan de KLPD mei sonar. It skip soe partikulier eigendom wêze.