Brân yn doarpshûs Kimswert

23 feb 2012 - 11:10

Troch in te hite frituerpanne is tongersdei brân ûntstien yn it doarpshûs Piers Stee yn Kimswert. De keuken is folslein útbaarnd. Der ûntstie in soad reek, mar de brân bleau beheind ta de keuken. Hoe grut de skea is, is noch net bekend.

Yn it doarpshûs wurde tongersdeitemoarns bern opfongen yn in bernedeiferbliuw en op it pjutteboartersplak. Foar de wissichheid binne de liedsters mei de bern nei de basisskoalle gien. It optreden fan Bauke van der Woude dat tongersdeitemiddei pland stie, kin net troch gean.

Trefwurden: 
Kimswert brân doarpshûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)