Himpkwekerij yn Boerum

Himp © ANP
In himpkwekerij yn Boerum hat foar in stroomsteuring soarge by de wenningen om de kwekerij hinne. De stroomfoarsjenning fan de kwekerij soarge foar in gefaarlike situaasje.
Tiisdeitemiddei hat de plysje de kwekerij yn in hûs oan de Lijkele Boonstrawei ûntmantele. Der waarden 1570 planten fûn. De apparatuer en de planten binne ferneatige, der is noch net ien oanhâlden.