Fytser berôvet frou fan tas

23 feb 2012 - 10:37
Foto: Omrop Fryslân

In 57-jierrige frou út Ljouwert is woansdeitejûn fan har tas berôve op de Sint Jacobsstrjitte yn har wenplak. De frou rûn dêr, doe't se in triuw krige fan in fytser. De man skuorde oan har skoudertas. Om net te fallen liet de frou de tas los. De man naaide út op de fyts.

It giet om in donkere man, mei in brede platte noas, hy is tusken de 20 en de 30 jier en hie in donkere jas mei kapûsjon oan.

Trefwurden: 
fytser tas
(advertinsje)
(advertinsje)