Gefaarlike stoffen yn Rie

23 feb 2012 - 10:05
Foto: Omrop Fryslân

Op it hiem fan in leechsteande pleats yn Rie binne dizze wike fetten mei gefaarlike stoffen dumpt. De 53-jierrige eigner fan de pleats oan de Berlikumerwei fûn tiisdei sân fetten fan 200 liter fêste stof en noch twa bussen met in oare gefaarlik stof.

In omwenner hat tiisdeitemoarn betiid in blau buske mei in iepen laadbak op it hiem sjoen. Ek is der in reade persoaneauto sjoen. Dêryn siet in man mei koart stikeltsjehier. De plysje docht ûndersyk. Mooglik binne de dumpte stoffen restanten fan in drugs-laboratoarium.

Trefwurden: 
gefaarlike stoffen Rie
(advertinsje)
(advertinsje)