Ambulânsebedriuw bout nij

Ambulânsebedriuw Kijlstra sil nijbouwe. It bedriuw giet út it sintrum fan Drachten wei en bout in nij ûnderkommen by de nije noardlike meldkeamer oan de A7. It ûnderkommen wurdt twa kear sa grut as it besteande bedriuwsgebou.
Doel is der in duorsum gebou fan te meitsjen mei ierdwaarmte en oare enerzjybesparjende foarsjennings. De bou kostet 6 miljoen euro. Oer in jier moat de nijbou yn gebrûk naam wurde.
By Kijlstra wurkje yn totaal 300 meiwurkers, ferdield oer tsien lokaasjes yn de provinsje.