Alde state fûn yn Ljouwert

© Omrop Fryslân, Wytse Velinga
By de wurksumheden oan it Drachtsterplein yn Ljouwert binne resten weromfûn fan de âlde Abbingastate. It giet om parten fan de muorren en de damwand, mar ek om bygelyks potten en pannen.
De Abbingastate wie ien fan de foarnaamste huzen yn dit part fan Fryslân út de 15e ieu oant de sloop yn 1859. Doe moast de state plak meitsje foar in fabryk en úteinlik foar it Drachtsterplein.
By de plande wurksumheden oan it plein wie al rekken hâlden mei archeologyske fynsten. De fynsten sille no noch neier ûndersocht wurde om te sjen wat de wearde is. It wurk oan it Drachtsterplein giet gewoan troch.