Samsom wol Cohen opfolgje

22 feb 2012 - 18:42

PvdA-Twadde Keamerlid en âld-Ljouwerter Diederik Samsom stelt him kandidaat as opfolger fan Job Cohen. Hy is dêrmei de twadde kandidaat foar it liederskip fan de PvdA. Fraksjegenoat Martijn van Dam stelde him earder woansdei as earste kandidaat foar dy posysje.

De 40-jierrige Samsom sit al njoggen jier yn de Twadde Keamer. Hy wol de partij nije enerzjy jaan en dy weromjaan oan it hert fan de mienskip, links fan de midden. Neffens Samsom moat de PvdA net hingjen bliuwe yn gestin oer de takomst, mar moatte der solidêre herfoarmings komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)