Nijbou Thialf net by Sportstêd

22 feb 2012 - 18:30

Der komt gjin nij Thialf by Sportstêd Hearrenfean, mar op de besteande lokaasje. Dat hawwe provinsjale steaten woansdei besletten. Der is keazen foar de saneamde 'fer-nijbou' fan it hjoeddeistige Thialf.

It kolleezje fan deputearre steaten wie foar nijbou by Sportstêd Hearrenfean, mar PvdA, FNP, GrienLinks, SP, ChristenUnie en de PVV stipen dat foarstel úteinlik net. Foar it foarstel wiene CDA, D66, VVD en Friese Koers. Op 5 maart moat de gemeenteried fan Hearrenfean beslute oer it foarstel.

Dêrnei moatte de plannen útwurke wurde. Yn septimber 2012 moat der dúdlikheid wêze oer de folsleine finansiering troch provinsje, gemeente, ryk en bedriuwslibben. De kosten fan de nij-ferbou fan Thialf binne 50 miljoen euro. De provinsje betellet 20 miljoen, mar wol ûnder betingst dat it ryk ek 40 miljoen bydraacht en dat it bediuwslibben 10 miljoen op it kleed leit. As alles trochgiet moat it nije Thialf yn 2015 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)