Guod socht út 1e Wrâldoarloch

Histoarysk sintrum Tresoar hâldt yn oktober in spesjale ynsammeldei foar guod út de Earste Wrâldoarloch om mear te witten te kommen oer de gefolgen fan dy tiid. Tresoar siket benammen brieven, foto's en deiboeken. Fan alles wurdt in kopy makke en krijt in plak yn it spesjale digitale argyf fan Europeana. Dy webside hat as doel om de ferhalen en boarnen út 1914-1918 foar elk tagonklik te meitsjen.
Der binne al faker ynsammeldagen hâlden, ûnder oare yn Huize Doorn, it eardere wenhús fan de Dútske keizer Wilhelm II.