Groeisum waar troch waarmte

20 maaie 2014 - 07:24

Tiisdei wurdt op 'e nij in dei mei prachtich waar. Nei in moai wykein en in waarme moandei, rint de temperatuer tiisdei op nei simmerske wearden. It waarme waar soarget derfoar dat in soad minsken it bûtengebiet opsykje. Yn de natuer stiet alles yn bloei, en dus binne dizze dagen it perfekte momint om foto's te meitsjen yn de natuer.

Minsken mei heakoarts sille krekt safolle mooglik binnen bliuwe. Sy kinne flink lêst krije fan harren allergy. Omdat it gers ek folop bloeit, binne der in soad gerspollen.

Trefwurden: 
natuer waarmte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)