'Te hege advizen foar skoalle'

Guon basisskoallen jouwe noch hieltyd te hege skoaladvizen oer de learlingen. Skoallemienskip OSG Sevenwolden hat bygelyks al sa'n 10 persint mear petearen hâlden oer de pleatsing fan nije learlingen. Dat seit Roelie Popping, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer.
By dy petearen brûke de middelbere skoallen de Fryske pleatsingswizer. Oan de hân fan dy gegevens kin folle better sjoen wurde wat it nivo is fan de learlingen. Dat helpt by it meitsjen fan in goede kar foar in oplieding. De pleatsingswizer is in pear jier lyn ynfierd.
Neffens direkteur Femme Riemersma fan skoallemienskip Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer kin no al sjoen wurde dat it fertuten docht. Learlingen stappe kwalik mear oer fan bygelyks VWO nei HAVO of fan HAVO nei VMBO, seit hy.