Werbeneaming Van der Zwan

Tjeerd van der Zwan
Tjeerd van der Zwan (60) bliuwt boargemaster fan Hearrenfean. Hy wie al boargemaster sûnt 2011, mar omdat de gemeente Hearrenfean per 1 jannewaris fan dit jier weryndield hat, moast der offisjeel in nije boargemaster komme.
Trije kandidaten hiene sollisitearre op de funksje. De gemeenteried fynt Van der Zwan tagonklik en iepen. De werbeneaming fynt plak op 30 juny.