'Slûs oanpasse foar fisk'

19 maaie 2014 - 20:24

In oare betsjinning fan de slûzen fan de Ofslútdyk soarget derfoar dat in soad fisksoarten út de Waadsee de Iselmar yn swimme. Dat docht bliken út ûndersyk fan Rykswettersteat. De organisaasje hat de ôfrûne tiid in proef dien. Troch de spuislûzen wat earder iepen te setten en ekstra te skutten komt der mear fisk yn de Iselmar.

Yn april kamen sa goed 300-tûzen glêsiel en 150-tûzen spjirrinkjes troch de slûzen. Rykswettersteat test op it stuit ferskate metoaden om de fiskmigraasje te ferbetterjen. De útkomst moat takom jier bekend wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)