Man mei scootmobyl yn wetter
De brânwacht hat moandeitemiddei in man út in sleat by it Ljouwerter Bosk helle. It slachtoffer wie mei syn scootmobyl te wetter rekke en koe dêr net op eigen krêft útkomme. De man is nei de rêdingsaksje yn de ambulânse behannele oan syn ferwûnings.