Nije oanpak rashûnfraude

19 maaie 2014 - 17:09

De oanpak fan fraude by it fokken fan rashûnen ropt oer it algemien positive reaksjes op. Der komt in nije databank. Puppy's fan nei 1 juny moatte aanst ferplichte in DNA-test dwaan. Sa wurdt dúdlik oft it bist echt ôfstamt fan it mantsje en wyfke dy't de fokker op papier set hat.

Fokker Diana Striegel fan Nijehoarne is bliid mei de nije wetjouwing. Dochs is de test noch gjin garânsje foar de keap fan in sûne hûn, mient se. It sertifikaat jout nammentlik allinnich mar oan wa't de heit en de mem fan de pup binne.

Trefwurden: 
fraude rashûn
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)